Ien hazze



Ien krūd wurd’ je grut fan

Fan it oare bliuw’ je bern

 

En fan krūdetee mei cakejes

 

Is der hielendal neat te sjen

 

Freegje Tet mar

 

Dy bliuwt ivich bern

 

 


En ast boartest mei de hazzen

 

En de jūns bist noch mei ien

 

Seist him datst hjir earne wennest

 

Yn it hūs fan reade stien

 

Freegje Tet mar

 

Sa hat sy dat dien

 

 


As in man mei gewear

 

Dy sommeart hjir wei te gean

 

En in freon seit dat er fuort giet

 

En do sakkest wei yn ’t fean

 

Freegje Tet mar

 

Sy sil net gean

 

 


As krūden net mear helpe

 

De holle is dy gleon

 

En in nacht bisto sielsallinne

 

En do hast in spoek ferdreaun

 

Betink dan - wat de hazze sei

:

BIST MYN FREON

 

BIST MYN FREON.


Wilco Berga

 

 

 

 

Bern fan ’e Wālden



Ik ken yn ’e bosk alle beammen en bisten,

ik ken elke stien op myn paad.

As bern al seach ik wat oaren net wisten,

ik wit fan it donkerste skaad.

Sil it moarn reine, foar jim is ’t in fraach,

hoe komt it mei ’t hynder, ik sil it jim sizze,

dat wurdt gau wer better, ik sis it jim graach,

oan my sil ’t net lizze.


’k Bin in bysūnder bern fan ’e Wālden,

dat sizze myn freonen, dat sizze myn ālden,

yn my floeit it bloed fan in wier bern śt ’e Wālden.

’k Bin in bysūnder bern fan ’e sāngrūn,

sa hawwe myn foarālden dat oan my trochjūn,

yn my slacht it hert fan in alwittend bern fan ’e Wālden.


Ik sjoch om my hinne de jonges en fammen,

ik wit fan leafde yn ’t foar.

As faam al seach ik betsjoenende flammen,

ik sjoch mear as in oar.

Guon dagen sil griente samar bedjerre,

in nacht gūle hūnen yn koar.

In dei takom wike sil samar ien stjerre,

in dei stiet lok foar de doar.


’k Bin in bysūndere faam fan ’e Wālden,

dat sizze myn freonen, dat sizze myn ālden,

yn my floeit it bloed fan in wiere faam śt ’e Wālden.

’k Bin in bysūndere frou fan ’e sāngrūn,

sa hawwe myn foarālden dat oan my trochjūn,

yn my slacht it hert fan in hieljende frou fan ’e Wālden.



Wilco Berga

YournameCom © 2007 • Privacy Policy • Terms of Use

www.tetrozendal.nl