R

 

 

 

 

It Wûnder út' e Wâlden in de media

Er was in korte tijd veel media aandacht voor de muziektheater voorstelling: "It Wûnder út' e Wâlden"

Zo was Tet drie keer te gast in het radio programma Noardewyn van Omrop Fryslân naar aanleiding van de twee uitgebrachte singles: Bern fan'e Wâlden en Ien Hazze.

 

Tet was te zien in K- Rûte van Omrop Fryslân ( het filmpje is te zien bij het kopje kijken en luisteren)

 

Er is over de voorstelling geschreven in de kranten:

Leeuwarder Courant  opmerkingen uit de recensie:

 

Tet jout wûnderdokters persoanlike diminsje

  • It ferskil - ôfsjoen fan de muzyk - mei ferhalefertellers as Mindert Wynstra en Douwe Kootstra is dat Tet Rozendal de ferhalen nei harsels talûkt en se in persoanlike diminsje jout
  • Kearn fan "It Wûnder út' e Wâlden" binne de muzyk fan Marius de Boer. De Boer hat foar in moai lykwicht soarge tusken de wat steviger en de mear melodieuze nûmers. Se binne stik foar stik CD - weardich
  • De mear pop eftiche nûmmers - lykas de bewurking fan "White Rabbit " - geane har sûnder muoite ôf
  • Se hat in goed ear foar de taal fan de typkes dy't se spilet
  • De dize dy't nei de foarstelling tusken de beammen en oer de greiden by Feankleaster hong, lit noch genôch romte foar de magy fan Grutte Wopke, Piter Poes en al dy oaren

 

Friesch Dagblad : opmerkingen uit de recensie

 

Magyske jûn yn Feankleaster mei sjongeres Tet Rozendal

  • De measte ferskes skaaiden de balladeske kant út mei út en troch prachtige rigels as: "ik bin it skitterjen fan de snie / de winterryp op linetrie. It uptempo Fjoerliet knalde dan wer fan it poadium, in sterk hichtepunt.
  • Nei it skoft waard it ferhaal persoanliker, en liet Tet wat hearre fan har eigen ûnderfiningen op it mêd fan tsjoenderij, byleauwe en oare wûnderaardicheden
  • It finen fan jins eigen paad foarme in dúdlike trochrinnende line yn de teksten
  • It prachtige slide-gitaarwurk fan Tseard Nauta draaide melodieuze triedden nei in oare tiid

 

Hieronder een aantal artikelen:

 

Leeuwarder Courant:

 

Actief:

 

 

Artikel over Tet in de Moanne

 

De moanne

It is fansels de fraach oft we it hjir hawwe oer it wûnder dat Tet Rozendal hjit, of oer it teaterstik dat Tet skreaun hat. It Wûnder út ’e Wâlden giet oer dokters út in fier ferline, dy’t der krekt wat oare genêswizen op nei holden. Duvelbanners, wûnderdokters, piskikers, Tet kin der machtich oer fertelle. It liket wol as stie se der sels destiids op kop en earen by.

As lyts famke lei Tet de hân op ’e holle fan har mem as dy wer ris pineholle hie. Se brabbele dan wat sabeare Ingelsk, betocht in pear moaie spreuken en wier: har mem fielde har nei ôfrin in stikhinne better. Pas doe’t se op skoalle kaam, murk Tet dat oare bern sokke dingen nea dienen. It makke har gjin bûtensteander yn ’e groep, mar at se der no op weromsjocht, wit Tet dat se der as famke al in grutte, wûnderlike belibbingswrâld op nei hold. In wrâld wêryn’t sterke ferhalen ferteld wurde, ferhalen dy’t jo as taskôger meinimme. En júst dat mei Tet it leafste dwaan, fertelle. Mar dan yn folle sealen, mei dûns, muzyk en har prachtige stim. Oant jannewaris ta moatte De Harmonie en De Lawei noch wachtsje op It Wûnder út ’e Wâlden, mar dan komt se der oan.

Tet Rozendal (1983) groeide op yn Kûkherne, in plakje tusken de Westereen en Feanwâlden yn. Dêr wenne se oan in trochdykje yn in lyts wâldhûske. In beskerme omjouwing dêr’t se fan hûs út alle romte krige om harsels te wêzen. En dus: om te aktearjen en op te treden. Wie der op skoalle wat te dwaan, dan dienen oare bern gewoanwei ien stikje. Mar Tet spile fiif rollen yn ien stik, droech en passant in gedicht foar en song it leafst ek noch efkes in ferske. Se sammele al har freondintsjes as achtergrûnkoar. Grut en meislepend libbe Tet yn dat lytse Kûkherne. ‘Dat ik hjir ea myn fak fan meitsje mocht, dêr hie ik doe gjin idee fan. Gewoan, om’t ik net wist dat soks koe.’ Mar de juf fan it pjutteboartersplak skreau doe al op in kaartsje: “Foar Tetje, dy’t sa goed toanielspylje kin.” Ja, dat se letter op ’e planken stean soe, dat lei doe eins al fêst.

It giet derom datst sels úteinlik dy stap setst. Datst bewust dy kar makkest. En hoewol’t Tet har al jierren yn de wrâld fan dûns, teater en muzyk befûn, die se dochs earst noch in oplieding as maatskiplik wurkster. Net fol oerjefte trouwens. ‘As ik in acht helle, dan wist ik dat ik te folle dien hie. Ik wie fan de seiskes, en dêrnei stie ik oant djip yn ’e nacht earne op in poadium te dûnsjen.’ Fjouwer jier lyn wurke se noch as maatskiplik wurkster, doe’t se har realisearre datst net twa libbens tagelyk libje kinst. ‘Ik wist dat der mar ien plak wie dêr’t myn hert lei: it poadium.’

De keunstner dy’t Tet Rozendal hjit, skreau it stik It Wûnder út ’e Wâlden. No ja, skreau, dat is miskien wat tefolle sein. Der stiet nammentlik gjin letter op papier. Se docht alles út ’e holle. ‘Op de lêste sin nei, dat is it teken foar de technyk en myn muzikanten dat it stik ôfrûn is. Ljocht út. Stilte.’ Fan Hillie Harms, by it grutte publyk bekend as aktrise by Tryater, krige Tet ûnder oaren de tip om de ferhalen net op te skriuwen mar út ’e holle ûntstean te litten. “Sokke ferhalen moatst fertelle,” sei Hillie, “dat moatst net foardrage út in skript. It moat yn dy sitte, do moatst it belibje en fanút dyn eigen ik fertelle.” Sadwaande waarden de ferhalen fan Tet séls en koe sy de ferhalen fanút harsels fertelle. It moaie is dat it stik dêrtroch alle kearen wer krekt wat oars giet. Tet mei boppedat graach as in stand-up comedian har publyk by it ferhaal belûke. ‘Krijst nea itselde antwurd fan immen út it publyk, dus ek myn reaksje is altyd oars.’

Dat Tet júst de skiednis oer wûnderdokters as Grutte Wopke, Piter Poes, Maria Brinkman en oare romrofte genêzers en duvelbanners fertelle wol, komt troch har bernetiid yn ’e Wâlden. ‘Ik fûn it as lyts famke al sokke spannende ferhalen. Se sitte fol humor en mystyk. Dat past by my. Ik tocht: dêr moat ik wat mei dwaan.’ Tet begroef harsels yn âlde boeken en ûntduts dat eins hiel Fryslân besiedde leit mei ditsoarte mystike fertellingen. Se moast in kar meitsje. Har teaterstik giet dêrom oer genêzers út de streek dêr’t sy sels grut waard. Dokters dy’t mei harren wûnderbaarlike genêzings troch hânoplizzing of stoarjen yn immens wetter, hiel wat teweechbrochten yn ’e Wâlden.

It meast ferbûn fielt Tet har mei it ferhaal fan Maria Brinkman. In frou dy’t ferband waard út Drinte (1850), om’t sy op bysûndere wizen minsken better makke. ‘Dat wie yn in tiid dat it leauwen djip woartele siet. God maakt mensen dood, of beter als zij ziek zijn. It is net oan de minske om dêroer wat te sizzen.’ Maria waard sadwaande ferfolge en flechte. Uteinlik fûn se har plak yn Fryslân en begûn in herberch. Dêr gienen de djoerste slokjes oer de bar. Klanten betellen net allinne foar de drank, mar foaral foar har wûnderlike krêften. Sa koe Maria trochgean mei wêr’t se goed yn wie, sûnder dat se neffens de wet wat ferkeard die. ‘Sjoch’, seit Tet tefreden, ‘elts minske fynt úteinlik syn eigen paad. Ik kies foar in fak dat yn de kontreien dêr’t ik opgroeid bin net alledeisk is. Want lit ús earlik wêze: Kûkherne is gjin Amsterdam. It is leuk datst wat rûnhuppelst yn dyn frije tiid, mar mear moatte we der ek net fan meitsje.’

Mar Tet wol dus. Al is se, sa’t se sels seit, te skrutelich om nei Amsterdam te ferhúzjen. Nei ôfrin fan har sjonglessen rydt se altyd mar al te graach werom nei it noarden. Mar wa wit oerweldiget se noch in kear de wrâld. Har foarâlders reizgen yn de foarige ieu nei Kanada. It neiteam timmert dêr as profesjoneel sjonger ek oan de dyk. It sit dus wol in bytsje yn it bloed. Nei’t Tet tegearre mei Marius de Boer yn 2009 Marlène Dietrich yn it Frysk fertolke, skreau se no har eigen teaterstik. En dat net allinne; se fersoarget ek alles deromhinne. Fan promoasjemateriaal oant de lokaasje dêr’t se de earste moannen optreedt.

En krekt as eartiids mei har freondintjes yn it eftergrûnkoar, sammelt se ek no wer in groep minsken om har hinne mei wa’t se in goed team foarmet. ‘Ik bin hiel gefoelich foar faktoaren yn myn omjouwing. It moat klikke mei de minsken dêr’t ik mei wurkje, oars kin ik net it bêste út mysels nei boppen helje op it poadium.’ Wilco Berga skreau songteksten, Marius de Boer komponearre de muzyk en Tseard Nauta bespilet de âlde ynstruminten dy’t by de njoggentjinde ieu en dus by it stik hearre. ‘It moaie is dat it wol hippe muzyk is. It is beslist net in âlderwetsk stik.’

Twa jier hat Tet dwaande west mei de tarieding. ‘Ik wie obsedearre, koe it net loslitte. En dat is net altyd like leuk. Ast bygelyks op in jierdei sitst, dan wolst it ek wolris oer wat oars hawwe, mar ik koe gewoanwei neat oars betinke om oer te fertellen. It foarme myn libben yn dy perioade. Ik libje myn stik, foaral doe’t de premjêre tichterby kaam. Ik wie hieltyd yn myn holle dwaande. Altyd oan it skaven, tinken, skriuwen, sjongen. Lokkich ha ik minsken om my hinne dy’t dat begripe. En ik ha it der foar oer, om einliks te dwaan wat ik myn hiele libben al dwaan woe.’ En op ‘e fraach oft de titel fan it stik no mei de krêften fan Tet sels te meitsjen hat of inkel en allinnich mei de dokters fan eartiids, lûkt se geheimsinnich de skouders op. ‘Dat moatte de minsken sels mar untdekke.’

Do sterke frou út fiere fierten,
Do hast de jefte yn dyn bloed.
Guon mei’ dy lije,
guon sill’ dy mije…
Want dochsto ús kwea of dochsto ús goed?
(Ut: It Wûnder út ’e Wâlden, Frou út ’e fierte, tekst: Jurjen van der Meer)

Ynfo & optredens: www.tetrozendal.nl

 

Marieke Vinckers

 

Muziektheater"Tet Rozendal sjongt Marlene Dietrich"

 

Er was veel media aandacht voor de muziek theater voorstelling van Tet Rozendal  "Tet Rozendal sjongt Marlene Dietrich". Zo was zij te beluisteren in het Radio 2 programma Spijkers met koppen,was zij te gast bij RTV oost, Omrop Fryslân  en anderen. Ook was zij te zien op Omrop Fryslan in een programma rond de Friese top 100. Tet Rozendal in de K- Rûte uitzending bekijken? Klik hier

 

 

 

YournameCom © 2007 • Privacy Policy • Terms of Use

 

www.tetrozendal.nl